Beswier nijbou fersmiten

23 jun 2010 - 11:37

Frjentsjerters dy't beswier makke hawwe tsjin nijbou op it plak fan de eardere lânbouskoalle yn har stêd hawwe ûngelyk krigen fan de Raad van State. De Frjentsjerters binne benaud dat de nijbou in hiel oar karakter krijt as de âlde skoalle.

Neffens de Raad van State jout de gemeente genôch garânsjes dat dat net it gefal wêze sil. De gemeente wol op it plak fan de eardere skoalle in appartemintegebou fan trije ferdjippings heech delsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)