Wâldrock hâldt definityf op

23 jun 2010 - 11:29

Wâldrock hâldt definityf op te bestean. It rockfestival yn Burgum hie de ôfrûne jierren al te krijen mei tanimmende kosten en konkurrinsje fan oare festivals yn binnen- en bûtenlân.

De organisaasje hat de ôfrûne moannen de mooglikheid foar in trochstart ûndersocht en besletten om definityf in punt achter Wâldrock te setten. Wâldrock wie de lêste jierren útgroeid oant ien fan de grutste metalfestivals fan Nederlân mei tusken de 5.000 oant 12.000 muzykleafhawwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)