Man leit 4 jier dea yn hûs

23 jun 2010 - 08:47

Yn Minnertsgea is moandeitejûn út in hûs oan de Winsemiusstrjitte it lichem fan in man helle, dy't dêr al fjouwer jier dea lein hat. It giet om in 50-jierrige man. De famylje fan de man wenne al dy tiid gewoan yn it hûs.

De man hie twa bruorren (61 en 67) en twa susters (44 en 71), dy't him moandeitemiddei fûn hiene. Sy hiene har broer foar it lêst yn 'e maitiid fan 2006 sprutsen. Doe hie de man sein dat se him gewurde litte moasten. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)