Berltsum krijt feiling werom

23 jun 2010 - 07:18

Berltsum krijt nei jierren wer in griente- en fruitfeiling. Ein septimber is it safier. Yn it ramt fan de werynrjochting fan it feilingterrein wurdt no in farrende griente- en fruitfeiling organisearre.

In spesjale kommisje is drok dwaande mei de tariedings fan de feilingdei. De bedriuwen út de omjouwing sille de produkten foar de feiling leverje en ek wurdt spesjaal foar dizze gelegenheid it Berltsumer beantsje wer ferboud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)