Ein monsterfytstocht yn sicht

23 jun 2010 - 07:14

Benjamin de Bruijn fan Dokkum is woansdei dwaande mei de lêste dei fan syn 8000 kilometer lange fytstocht. Yn de buert fan Súdlaren fytst de 20-jierrige Dokkumer al 26 dagen rûntsjes foar de Stichting Spieren voor Spieren. Elk rûntsje is 20 kilometer.

De tocht gie net sûnder tsjinslaggen, twa wike lyn waarden út de tinte kompjûters en de opbringst foar it goede doel stellen. Woansdeitejûn om ûngefear healwei achten sit syn tocht derop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)