Sintrum Sint Jânsgea opknapt

22 jun 2010 - 22:06

It sintrum fan Sint Jânsgea wurdt opknapt. It giet om de Molenstelle en twa krusings dy't op de De Streek útkomme. Dat is de trochgeande dyk fan it doarp. Doel is ûnder oaren om dizze drokke dyk feiliger te meitsjen.

Der wurde reade stiennen op de krusings lein, de stiennen komme wat heger te lizzen. De Molenstelle giet hielendal oer de kop. Dat wurdt it sintrale plein fan it doarp. De gemeente Skarsterlân lûkt trije ton út foar it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)