Nij soarchkompleks Ljouwert

22 jun 2010 - 21:58

Soarchsintrum Erasmushiem yn Ljouwert wol in folslein nij kompleks bouwe oan de Aldlânsdyk. Dit kompleks mei twa flats, soarchwenten en in multyfunksjoneel sintrum komt op it plak fan it âlde MTS-skoalgebou dat krekt sloopt is.

Alle 260 âlderen krije in plakje yn it nije ûnderkommen dat 41 miljoen euro kostet. It hjoeddeistige terrein fan Erasmushiem komt yn de hannen fan projektûntwikkerer Leyten út Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)