Facebook no ek yn it Frysk

De Facebook fan Omrop Fryslân yn it Frysk
De netwurkwebsite Facebook is der tenei ek yn it Frysk. Facebook hat it Frysk akseptearre as offisjele taal. De Fryske ferzy is in inisjatyf fan de Ried foar de Fryske Beweging. In Fryske Facebook moat minsken helpe de taal better ûnder de knibbel te krijen.
Der binne oant no ta dik 800 wurden fertaald. Minsken kinne op de website stimme oft sy it iens binne mei de oersettings. Binne sy dat net, dan kinne sy in alternatyf wurd opjaan.