Keninginne Beatrix nei Fryslân

Keninginne Beatrix komt op 6 july nei Fryslân foar de iepening fan in kongres yn Ljouwert
Keninginne Beatrix komt op 6 july nei Fryslân ta. Se is oanwêzich by de iepening fan in talekongres yn it WTC Expo yn Ljouwert, it fjirtjinde EURALEX International Congress.
De keninginne sil by de iepening fan it kongres it wittenskiplik wurdboek fan de Fryske taal op ynternet sette. Dat wurdboek giet yn op de betsjutting fan Fryske wurden en it gebrûk fan de Fryske taal troch Friezen. Nei de iepening is dat wurdboek foar elkenien te besjen op ynternet.