Les yn âlde ambachten

22 jun 2010 - 18:33

Learlingen fan basisskoallen yn Skarsterlân krije tenei les yn âlde ambachten, om foar te kommen dat der aanst hielendal gjin minsken mear yn dizze sektoaren wurkje. De gemeente jout alle skoallen lesmetoaden oer ambachten sa as skipsbou, moles, klokmakkerij en ark.

Doel is om de bern yn de kunde komme te litten mei de ambachten, sadat se letter mooglik wurk sykje yn dy sektoaren. Der wurkje hieltyd minder minsken yn dizze sektoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)