Feanheabistje docht it goed

22 jun 2010 - 17:59

It Fochtelerfean is in ideaal gebiet foar it feanheabistje. De flinter komt amper noch foar yn Europa, mar yn it fean binne hieltyd mear.

De Vlinderstichting hat tegearre mei Natuermonuminten oan de werynrjochting fan it natuergebiet wurke. It wetterpeil mei net te gau omheech gean, oars ferdrinke de rûpen fan de flinter. Yn it Fochtelerfean binne ekstra lytse damen oanlein. Der is no ek mear ienjierrich wolgers yn it gebiet kaam. Dy plantsjes ite de rûpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)