Priis foar akteur Jan Arendz

22 jun 2010 - 15:03

Tryaterakteur Jan Arendz hat tiisdei yn Marsum de Pyt van der Zee-priis krigen. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan in ien dy't in soad docht foar it amateurtoaniel.

Arendz is benammen bekend as beropsakteur. Mar hy komt út it amateurtoaniel en is dêryn ek noch altyd aktyf as dosint, coach en sjuerylid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)