'Swimbad Bûtenpost moat ticht'

22 jun 2010 - 14:27

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost liket no echt opdoekt te wurden. It bad is 35 jier âld. B en W fan 'e gemeente Achtkarspelen fine it finansjeel ûnferantwurde it bad noch langer iepen te hâlden.

Sportfondsen Achtkarspelen docht de eksploitaasje fan it bad. Dat kontrakt rint op 1 jannewaris 2013 ôf. Om dochs swimlessen oanbiede te kinnen oan ynwenners fan Achtkarspelen, moat der neffens it kolleezje gearwurke wurde mei swimbad it Paradyske yn Kollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)