Tour-ôfsizzing: Weening lilk

22 jun 2010 - 14:00

Pieter Weening is lilk dat er net meidwaan mei oan de 97e edysje fan de Tour de France. De hurdfytser fan De Harkema krige moandei fan de ploechlieding fan Rabobank te hearren dat se de foarkar jouwe oan Bram Tankink.

It berjocht kaam foar Weening as in folsleine ferrassing. Hy hie sinjalen krigen dat er earste reserve wie nei it útfallen fan Laurens ten Dam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)