Nije haadredakteur by Omrop

22 jun 2010 - 11:45

Jan van Friesland (52) fan Minnertsgea wurdt de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Van Friesland wennet yn Utrecht en wurket as sjef binnenlânsk nijs by de NOS yn Hilversum. De beneaming giet yn op 1 septimber 2010.

Van Friesland hat politikology en filosofy studearre oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy wurke by ûnder oare de VARA, VPRO, NPS, RVU en TROS. Hy folget Hans Snijder op dy't haadredakteur fan 'e Ljouwerter Krante wurden is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)