Stichting tsjerke Drachten

21 jun 2010 - 22:39

Der komt in stichting Freonen fan de Grote Kerk yn Drachten. De tsjerke moat ferboud wurde en dat kostet in soad jild. De nije stichting en in aktiviteitekommisje moatte dêrfoar soargje. De saak stiet al op papier en nei de simmerfakânsje giet it los.

De tsjerke is in soarte fan multyfunksjoneel sintrum dêr't folle mear bart as allinnich tsjerketsjinsten. Der wurde no ek al konserten holden en keunst sjen litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)