Rely Jorritsma-prizen bekend

21 jun 2010 - 21:56

De sjuery fan it Rely Jorritsma Fûns rikt dit jier ien priis út foar in ferhaal en ien blyk fan wurdearring foar in ferhaal. Der is dit jier net in fers dat yn de beneaming komt foar in priis, mar twa fersen krije wol in blyk fan wurdearring.

De prizen en de opstekkers binne foar Sipke de Schiffart en Trevor Scarse foar de ferhalen en Ate Grypstra en Jetze de Vries foar de fersen. Der wiene dit jier njoggentjin fersen en fyftjin ferhalen ynstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)