Fakbûn lilk op Kooistra

Fakbûn lilk op Kooistra
Fakbûn FNV Bondgenoten driget nei de rjochter te stappen as de direksje fan Kooistra-kleanwinkels him net oan de CAO hâldt. Kooistra hat tsien winkels yn it Noarden. De helte dêrfan sit yn Fryslân, en wol yn Dokkum, Drachten, Frjentsjer, Ljouwert en Surhústerfean.
Neffens it fakbûn wol Kooistra it personiel gjin nije kontrakten oanbiede en wurde taslaggen skrast.