Minder muskusrotten yn Fryslân

21 jun 2010 - 17:12

Wetterskip Fryslân krijt de populaasje muskusrotten yn Fryslân hieltyd mear ûnder kontrôle. Fong it wetterskip yn 2008 noch 28.000 rotten, ferline jier wiene dat der noch mar 24.000. It wetterskip ferwachtet dat de populaasje fan de rotten yn 2012 ûnder de grins fan 16.000 sakje sil.

De bestriding fan muskusrotten yn it bûtengebiet is belangryk foar it wetterskip. De bisten soargje foar in soad skea yn de kaden by it Fryske wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)