Oerol mooglik wer nei New York

Oerol-direkteur Joop Mulder
De kâns is grut dat der wer in Oerol-festival yn New York hâlden wurdt. Dat seit Oerol-direkteur Joop Mulder. Dy wie ferantwurdlik foar de organisaasje fan it earste Oerol-festival, dat begjin ferline jier yn New York hâlden waard by de fiering fan it 400-jierrich bestean fan de stêd.
Foar de New Yorkers wie dat ien fan de earste kearen dat se yn oanrekking kamen mei lokaasjeteater. Joop Mulder hopet nei de simmer grienljocht te krijen foar in nije edysje.