Fytstocht Benjamin hast klear

De 20-jierrige Benjamin de Bruijn út Dokkum is dwaande mei de lêste 700 km fan syn 8000 km lange fytstocht foar de Stichting Spieren voor Spieren. De Dokkumer fytst yn de buert fan Súdlaren al 25 dagen lang elke dei 14 rûntsjes fan goed 20 kilometer. Benjamin ferwachtet woansdeitejûn tsjin achten klear te wêzen.
De famylje fan Benjamin de Bruijn ropt elkenien op om op dat tiidstip nei Súdlaren te kommen en him op dy lêste kilometers oan te moedigjen.