Soarch om greidefûgels bliuwt
De saneamde `opkrikplannen' foar greidefûgels yn natuerterreinen hawwe de ôfrûne trije jier noch net in soad ferbettering opsmiten. Sa docht bliken út sifers dy't moandei troch Fryske natuerorganisaasjes as it Fryske Gea en Staatsbosbeheer presintearre binne.
Troch maatregels as mear beweiding en it iepenhâlden fan it lânskip is it tal briedende pearkes justjes tanaam. It tal jonge fûgels is lykwols noch hieltyd ûnder nivo. De opkrikplannen hawwe trije miljoen euro koste.
Trefwurden:
argyf