Flearmûzen keare sloop skoalle

De nije lokaasje op it Fedde Schurerplein
It âlde skoalgebou fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean kin net sloopt wurde, omdat dêr flearmûzen binne. Takom skoaljier wurdt it nije gebou op lokaasje Fedde Schurerplein yn gebrûk naam en op it plak dêr't no noch it goed fjirtich jier âlde gebou stiet, soe in plak foar de learlingen komme.
Fierder komme der no ek problemen mei de fytsestalling en parkearromte en sil it iepeningsfeest ek útsteld wurde. De sloop rint in fertraging fan sawat in healjier op.