Gjin gefaar fee Noarderleech

21 jun 2010 - 11:13

Neffens it Fryske Gea is der gjin reden ta panyk no't it Noarderleech foar in part ûnder wetter rûn is. In tal hynders en kij stiet mei de knibbels yn it wetter. De boeren sizze ek dat it gjin kwea kin.

It bûtendyks gebiet yn Noard-Fryslân rûn freed ûnder wetter troch hurde wyn en heech wetter. Dat wie al ferwachte, mar net alle fee wie fuorthelle. It Fryske Gea ferwachtet dat it fee gau troch de boeren fuorthelle wurdt, omdat der gjin fretten mear is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)