Soad animo foar reiske Fryslân

21 jun 2010 - 11:03

Mar leafst 13.000 minsken hawwe har by de provinsje meld foar in fergese treinkaart nei Fryslân. De provinsje hie 500 treinkaartsjes beskikber steld om't Fryslân útroppen is ta moaiste provinsje fan Nederlân. De treinkaarten waarden út it hiele lân wei oanfrege, ek wie der in oanmelding út it Russyske Yaroslav.

De ynskriuwing foar de kaartsjes is stopset. De 500 minsken dy't as earste reagearren krije in kaartsje foar in inkele reis Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)