Ynbrekker Ljouwert oppakt

Yn in winkel oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert is ôfrûne nacht twa kear besocht yn te brekken. In tsjûge seach twa mannen dwaande mei de ynbraak, hy warskôge de plysje. De ynbrekkers seagen de tsjûge ek en naaiden út.
Letter dy nacht belle de tsjûge op 'e nij nei de plysje om't der wer ynbrusten waard. De plysje koe ien fan de ynbrekkers, in man fan 42 út Ljouwert oanhâlde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo en sit foar neier ûndersyk ynsletten.