Man mei ferlof oppakt

21 jun 2010 - 10:17

In man fan 24 jier út Snits is snein oanhâlden om't er nei syn ferlof net weromkommen wie nei de finzenis. De plysje krige in anonime tip dat er yn in wenning oan de Alberdastrjitte siet, dat bliek te klopjen.

Nei in koarte wrakseling koe de man oanhâlden wurde. De man sil moandei oerbrocht wurde nei de finzenis dêr't er syn straf útsitte sil.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)