Rydbewiis ynnommen
De plysje hat snein by Boalsert it rydbewiis fan in 47-jierrige automobiliste út Wytmarsum ynnaam. De frou foel op om't se sûnder gurdle ried. Doe't se dêrfoar oanhâlden waard, tochten de plysjes dat se ek tefolle dronken hie. Nei in blaastest die dat ek bliken.
De frou hat in prosesferbaal krigen en har rydbewiis is ynnaam.