Drugshanneler oanholden
Op 'e Markt yn Dokkum is snein in 27-jierrige man út Twizelerheide oanholden omdat er hannelje soe yn drugs. De man rûn tsjin de lampe yn in hoarekagelegenheid. Doe't er dêr kontrolearre waard, fûn it personiel in pûdsje mei wyt poeier.
Nei alle gedachten gie it om harddrugs. De man is dêrnei troch de plysje ophelle en ynsletten.