Grinzer wint Acht fan Drachten

20 jun 2010 - 16:08

Hurdrinner Paul Zwama hat de Acht van Drachten wûn. Oan de wedstriid tusken Beetstersweach en Drachten diene 988 minsken mei. De Grinzer rûn yn de lêste 500 meter fuort fan Merwin Dollison út Winsum en kaam mei 13 sekonden foarsprong oer de streek. Jan Jouke Vos fan It Hearrenfean waard op 30 sekonden fan de winner tredde.

De Drachtster Stefanie Bouma wûn it by de froulju. Inge van Schaick út Ljouwert kaam op trije minuten en 30 sekonden as twadde oer de finish.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)