Oerol ek dit jier slagge

20 jun 2010 - 16:01

Oerol hat de ôfrûne wike op Skylge wer sa'n 55.000 besikers lutsen, sawat itselde as ferline jier. De organisaasje is dêr hiel tefreden mei. Ek de kaartferkeap wie goed. Besikers, mar ek foaral de spilers, hiene wol in soad lêst fan it kâlde waar. Der binne om dy reden ek foarstellings ôfsein.

Twa foarstellings mei elk tûzen en achthûndert besikers binne bygelyks twa kear ôfsein en dat kostet jild. Alle oare foarstellings sieten lykwols fol, dêrom kin it festival wol út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)