Auto's bekrast op It Fean

20 jun 2010 - 11:51

Wis 19 auto's op It Hearrenfean binne sneontenacht bekrast mei in skerp foarwerp, troch fiif jonges fan It Hearrenfean.

In tsjûge seach dat de jonges dwaande wiene en warskôge fuortendalik de plysje. Dy seach de jonges rinnen op de dûmny Kingwei. De auto's dy't se bekrasten stiene oan de Kemphaanstrjitte en de buert dêr omhinne. In oantal minsken hat yntusken oanjefte dien, mar de plysje ropt ek oaren op dat noch te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)