Elma de Vries skeelerkampioene
Elma de Vries fan Meppel is sneon yn Snits Nederlânsk kampioen wurden op de 10 kilometer puntekoers skeelerjen. De âld-ynwenster fan De Haule wie folle sterker as de konkurrinsje.
Manon Kamminga fan Haulerwyk einige as tredde. Dat plak helle sy ek op de 500 meter. Dêr waard Elma de Vries fjirde.