Noarderleech stiet wer splis

Troch hurde wyn en heech wetter is it Noarderleech sneon foar in part ûnder wetter rûn. It fee is der net allegearre op 'e tiid weihelle. By Blije stiene 60 hynders yn it wetter.
Neffens it Fryske Gea binne boeren in pear kear warskôge foar heech wetter. Fierder stiet it wetter no op syn heechst. De kommende oere soe dat wer wat sakje moatte. Op it Noarderleech sit ek in koloanje kluten. Foar safier as dy noch aaien hawwe, sille dy ferlern gien wêze.