Waadsee offisjeel wrâlderfguod

19 jun 2010 - 16:13

De Waadsee is sûnt sneon offisjeel wrâlderfguod. Ferline jier krige it natoergebiet de earetitel al, mar sneon hat Minister Gerda Verburg de byhearrende oarkonde yn ûntfangst nommen fan in hege Unesco-delegaasje.

De Unesco-delegaasje kaam sneontemiddei nei Lauwerseach. Mei in boat waard it Waadgebiet toand oan de organisaasje dy't útmakket hokker gebieten yn 'e beneaming komme foar de bysûndere status fan wrâlderfguod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)