NK kitesurfe by Murns

19 jun 2010 - 15:33

It earste NK kitesurfen foar junioaren oant 15 jier fynt dit wykein plak op 'e Iselmar by Murns. It sit de organisaasje net mei. Ferline wike wie der gjin wyn en moast de wedstriid útsteld wurde en ek dit wykein moasten de dielnimmers geduld dwaan.

Oan it Nederlânsk kampioenskip dogge 15 junioaren mei. Sy hawwe it elts tsien minuten oan tiid om harren tricks oan de sjuery te toanen. It NK kitesurfen foar junioaren giet snein fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)