Man Nij Beets komt ûnder kraan

19 jun 2010 - 14:21

Op de Middelgeast by Boarnburgum is freedtemiddei in man ûnder de rupsbannen fan in kraan kommen. De man út Nij Beets wie mei syn kollega's dwaande mei wurk oan it rioel. De kraanmasinist seach de man út Nij Beets oer de holle en begûn te riden.

Hy ried oer ien fan de fuotten fan 'e man hinne. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht. Dêr is hy fuortendaliks opereard oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)