Gordykster ferwûne by ûngelok

By in iensidich ûngelok op de Skoatterlânsewei by Ketlik is freedtenacht in 19-jierrige automobilist fan De Gordyk slim ferwûne rekke. De bestjoerder rekke troch ûnbekende oarsaak yn de slip en bedarre úteinlik yn in tún fan in hûs.
De auto rekke swier skansearre en de sjauffeur koe net mear sels út de auto komme. De brânwacht hat him befrijd en dêrnei is er mei slimme ferwûnings mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht.