Selshelp-byb is grut súkses

19 jun 2010 - 12:44

De proef mei selsbetsjinning yn de bibleteken fan Snits en Frjentsjer is in súkses. Sûnt ferbrewaris binne de bibleteken faker iepen, mar dan is der allinnich achter de skermen in meiwurker oanwêzich. De minsken moatte har sels rêde en allinnich as der problemen mei de apparatuer binne, kinne se op de bel drukke.

De minsken koene yn de proeftiid in sifer jaan oan de nije wurkwize en dat levere in dikke 9 op. De nije wurkwize sil no struktureel ynfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)