Gildebieren Warkum ferpleatst

19 jun 2010 - 12:34

Yn Warkum binne sneontemoarn acht monumintale lykbieren ferhuze. De operaasje is nedich fanwegen de restauraasje fan 'e Gertrudistsjerke yn it sintrum. De lykbieren waarden eartiids brûkt om minsken dy't lid wiene fan in gilde te hôf te bringen.

Sûnt de jierren santich steane de lykbieren yn de tsjerke, dêr't se sa'n tûzen toeristen yn 't jier lûke. Ien fan de acht bieren waard sneontemoarn oerbrocht nei de Werenfridustsjerke, oardel kilometer fierderop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)