Stekker út kavelruilburo

© Omrop Fryslân
It projektburo kavelruil Fryslân hâldt op. De provinsje hat gjin jild mear foar it buro. Dat komt troch besunigings fan it Ryk. It projektburo helpt boeren kosten te drukken by it ruiljen fan grûn. It is ek fan grut belang by projekten lykas dat fan de Sintrale As en de N381. LTO Noard ropt de provinsje op der dochs jild yn te stekken. Foaral omdat it buro funksjoneel is en goed ûnôfhinklik wurket.
It buro is yn 2008 opset. Doel wie om effisjinter te wurkjen by skaalfergrutting en in grutte rol te spyljen by de gebietswerstelplannen.