Man swaait mei mes yn Ljouwert

19 jun 2010 - 11:47

De plysje hat freedtemiddei yn Ljouwert in burgernetaksje hâlden om in man op te spoaren dy't mei in grut mes omrûn. In tsjûge seach dat twa manlju oan de Piloate-espel spul hiene, ien fan harren hie in grut mes by him. De tsjûge warskôge de plysje en joech dêrby in dúdlik sinjalemint troch.

In lytse 1800 minsken diene mei oan de burgernetaksje en ek de plysje hat nei de man socht, mar de man mei it grutte mes is net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)