Van Althuis kening Ternaard

© Omrop Fryslân
Pieter van Althuis is freed kening wurden op de manljus haadklassepartij yn Ternaard. Mei Jacob Wassenaar en Gerrit Flisijn wie hy yn de finale mei 5-4 en 6-0 te sterk foar it trio Jelmer Hofstee, Herman Sprik en Daniël Iseger.
It wie foar Van Althuis en Flisijn de earste oerwinning op it heechste nivo. Utsein de finale waard der net bêst keatst yn Ternaard. Bynammen de opslaggers hiene troch de hurde wyn alle muoite om it perk te finen.