Alve Marrenbarren los

Mei in lûde toeter oer it Flexa terrein yn Snits is freedtejûn it Alve Marren evenemint úteinset. Der binne 25 rûtes útset yn Súdwest-Fryslân foar in grut ferskaat oan dielnimmers.
Dizze earste edysje moat útgroeie ta in tradysje en dêrom ek in soad dielnimmers fan bûten Fryslân lûke. It oantal dielnimmers dat har yn 't foar oanmeld hat, is op dit stuit noch net sa grut. It evenemint moat lykwols de kâns krije om te groeien, fynt deputearre De Vries.