Tarieding restauraasje brêge

© Omrop Fryslân
Ynkoarten kin der úteinset wurde mei de restauraasje fan de trambrêge op It Hearrenfean. Freed waard it grutste ûnderdiel foar dizze wurksumheden te plak brocht. Oer it wetter waard in grutte oerkaping ferfierd fan wol 17 meter lang en 5 meter breed. Dat is like breed as ien fan de brêgen dêr't it gefal del moast. Dat soarge foar in spannende situaasje.
It gefal moat der ûnder oaren foar soargje dat der gjin straalgrit en ferve yn it wetter en op de dyk komt.