Seebear berne yn Aquazoo

18 jun 2010 - 16:22

Bistetún Aquazoo yn Ljouwert hat der wer in nije oanwinst by. Begjin dizze wike is der in jonge Súd-Amerikaanske seebear berne. Dêr sieten se eins al jierren op de wachtsjen. In pear jier ferlyn is mantsje Forelli op de groep kaam en om't er allegear froulju om him hinne hie wie de ferwachting dat der wol gau jongen komme soene.

Mar Forelli hie totaal gjin belangstelling. Pas doe't in âlde leafde fan it seebearemantsje ek op de groep kaam wie it raak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)