Ferlies Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat de útwedstriid tsjin Jong Feyenoord/Excelsior yn de lêste minút mei 2-1 ferlern. Yn de earste helte krigen beide ploegen kânsen, mar bleau it 0-0. Jong Hearrenfean kaam troch de 12e goal dit seizoen fan Arsenio Valpoort yn de 74e minút op foarsprong. Twa minuten letter soarge Mick van Buren foar de 1-1. Hearrenfean keeper Jurjan Wouda makke yn de lêste minút in oertreding. Hy krige giel en Feyenoord in pennel. Dy waard troch Ricky van Haaren fersulvere.