Nije dirigint Capella Frisiae

Gijs Leenaars folget Hoite Pruiksma op
It koar Capella Frisiae hat dirigint Gijs Leenaars beneamd ta opfolger fan Hoite Pruiksma. Leenaars komt fan Nijmegen en jildt as ien fan de grutste talinten fan syn generaasje. Hy sil it koar oan de ein fan dit jier foar it earst dirigearje.
Mei it oannimmen fan Leenaars wol it bestjoer de kwaliteit en kontinuïteit fan it koar in belangrike ympuls jaan. Dat stiet sûnt it begjin ûnder lieding fan Pruiksma. It koar treedt in 15 kear yn it jier op foaral yn it Noarden.