FrieslandCampina wol groeie

Suvelbedriuw FrieslandCampina wol de kommende tsien jier groeie mei suveldranken, merktsiis en yngrediïnten foar berne-iten. Dat stiet yn in strategysk plan fan it bedriuw.
Yn Europa, Afrika en Azië wol it bedriuw yn mear lannen syn produkten ferkeapje. Dêrneist sil besocht wurde safolle mooglik klimaatneutraal te wurkjen. FrieslandCampina wol op dat punt melkfeehâlders stimulearje om duorsume enerzjy op te wekken.