Al 400 fergees nei Fryslân

18 jun 2010 - 14:22

Fan de aksje fan de provinsje om toeristen te lûken mei fergese treinkaartsjes hawwe al 400 minsken gebrûk makke. De provinsje begûn de aksje nei't Fryslân dizze wike útroppen waard as moaiste provinsje fan Nederlân.

Yn in advertinsje stelde de provinsje 500 treinkaartsjes beskikber foar minsken dy't Fryslân ûntdekke wolle. De kaartsjes jilde oant en mei septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)